mr. Wim Bulthuis
Advokaat by Rotshuizen Geense Advocaten
Ekspertise
Wim Bulthuis is spesjalisearre yn it sivile bourjocht en yn it oanbestegingsrjocht. In protte oannimmers witte it paad nei Wim te finen. Foar harren is hy de trusted advisor. De ûnderfining dy’t Wim opdien hat as bedriuwsjurist by in grut mondiaal yngenieursburo komt him dêrby goed fan pas.
As oanbestegingsrjochtspesjalist wurket Wim net allinnich foar oanbesteegjende tsjinsten en marktpartijen yn de bousektor. Wim stiet ek oanbesteegjende tsjinsten en soarchynstellings by ynkeapprojekten en oanbestegingsprosedueres.
Wim siket by foarkar nei de meast praktyske oplossing. Yn ‘e regel wurdt dêrmei de doelstelling fan syn kliïnt it snelst behelle. Mar as it nedich is wurdt der prosedearre. Wim hat in protte ûnderfining mei prosedures by de rjochtbank likegoed as by de Raad van Arbitrage voor de Bouw.
Opliedings
- Nederlânsk rjocht oan de Rijksuniversiteit Groningen (haadrjochting privaat- en strafrjocht)
- Beëdige as advokaat yn 1997
Nevenfunksjes/lidmaatskippen
- Bestjoerslid De Friese Bouwkring
- Vice President fan World Link for Law
- Vereniging voor Bouwrecht
- Vereniging voor Bouwrecht- Advocaten
- Nederlandse Vereniging voor Aanbestedingsrecht
- Sakeklup S.C. Heerenveen