Kwaliteit

It is gjin tafal dat Rotshuizen Geense Advocaten as earste advokatekantoar yn Nederlân it ISO-sertifikaat krige. Dat wie yn 1995. Sûnt dy tiid binne de noarmen allinnich mar oanskerpe. Op fêste tiden wurdt neffens fêste prosedueres hifke oft wy foldogge oan de lêste kwaliteitseasken konfoarm ISO9001:2008. It sertifikaat is lykwols net in doel op himsels, mar twingt ús wol altyd kritysk te sjen nei de effektiviteit fan ús kantoarorganisaasje en tsjinstferliening. Mei as doel dy hieltyd fierder te ferbetterjen.

Boppedat litte wy sels trije kear jiers ûndersykje hoe’t ús kliïnten ús tsjinstferliening wurdearje. Dêrby komme ferskillende aspekten op it aljemint. Lykas fakbekwamens, transparânsje, effektiviteit, ynset, berikberens, effisjinsje, taryfstelling. Mei de resultaten fan dat ûndersyk dogge wy fansels ús foardiel. Kwaliteit is ommers net in statysk gegeven. Mr. Ivo van der Meer fertelt jo der graach mear oer.

Underdiel fan ISO9001 is ús eigen klachtenproseduere, dy’t wy sûnt 1995 hantearje. Mei yngong fan 1 jannewaris 2015 stelt de Verordening voor de Advocatuur in ynterne klachtenregeling foar alle advokaten en advokatekantoaren ferplichte. Yn it ramt fan: “Binne jo tefreden oer ús, sis it tsjin oaren; binne jo net tefreden, sis it tsjin ús” fernimme wy graach fan jo. Dat ek mei it doel ús kantoarorganisaasje en tsjinstferliening hieltyd te ferbetterjen.

Bou en fêst goed Oerheid en ûnderwiis Soarch en wolwêzen Kultuer en natuer ûndernimme Fallisseminten IT-recht Wurk Mediation Erfrjocht Ynternasjonaal

Advokaten en juristen

Wim Bulthuis

Advokaat

Ivo van der Meer

Advokaat

Cynthia Grondsma

Advokaat

Dirk-Jan Westra

Advokaat

José Kemper

Advokaat

Willemijn Kuper

Advokaat

Lisa Blankestijn

Advokaat

Ayla Bosma

Advokaat

Femke de Jong

Advokaat

Aimée Tjalma

Advokaat

Gido Kalfsbeek

Juridysk meiwurker

Alle advokaten en juristen

Dizze webside brûkt cookies Ok