mr. Rudolf Knegtering
Advokaat by Rotshuizen Geense Advocaten
Ekspertise
Rudolf is spesjalisearre yn it sivile bourjocht en it oanbestegingsrjocht. Hy stiet gruttere, mar ek minder grutte oannimmers by yn it beheljen fan harren kommersjele doelstellings. Syn kennis fan it ûndernimmen komt him dêrby goed fan pas. Hy ken de motiven en de doelstellings fan syn kliïnten en is dêrom by steat mei de kliïnt de bêste kar te meitsjen.
As spesjalist oanbestegingsrjocht stiet Rudolf sawol oanbesteegjende tsjinsten, dêrûnder ferskate gemeenten as ynskriuwers by. Rudolf kin snel skeakelje. Dat is in absolute needsaak yn it oanbestegingsrjocht. Yn koarte tiid moat der in soad barre. Dat bringt it oanbestegingsrjocht no ienris mei him. Dy eigenskip komt Rudolf ek goed fan pas, omdat hy geregeld troch de rjochtbank beneamd wurdt ta kurator. Nei sa’n beneaming moat der ek snel hannele wurde. De belangen fan de skuldeaskers moatte feilich steld wurde. Somtiden troch middel fan in oername. Men moat it izer smeie as it hjit is.
Opliedings
- Nederlânsk rjocht oan de Rijksuniversiteit Groningen (haadrjochting privaatrjocht)
- Beëdige as advokaat yn 2005
Nevenfunksjes/lidmaatskippen
- Foarsitter Aris Leeuwarden
- Bestjoerslid Stichting Film in Friesland
- Vereniging voor Bouwrecht
- Vereniging voor Bouwrecht- Advocaten