Profyl

De advokaten fan Rotshuizen Geense Advocaten sjogge treflike juridyske kennis fan ferskate rjochtsgebieten as fanselssprekkend. Mar wy stribje dernei om it juridysk gewisse te wêzen fan ús kliïnten.

Kennis fan jo brânzje stiet dêrom foarop. Wy witte wat er spilet yn jo brânzje en kinne sadwaande jo juridysk ferlet bepale. Dêrtroch binne wy by steat om mei jo de goede rjochting út te setten foar jo organisaasje. De kliïnten fan Rotshuizen Geense Advocaten wurde bystien op basis fan in suver, teoretysk ûnderboud advys. Mei de kennis fan jo brânzje en de ferskate rjochtsgebieten, witte wy krekt wat jo belang is, hoe’t wy jo wissichheid biede kinne en hoe’t wy strukturele oplossingen fine kinne.

Mei tank oan de kennis fan jo brânzje binne de advokaten fan Rotshuizen Geense Advocaten as gjin oar by steat om mei jo mei te tinken en foarút te sjen. Gjin reaktive juridyske spesjalisten, mar in fertrouwenspersoan dy’t in stap tebek nimme kin om mei in helikopterview nei jo organisaasje te sjen. It ferskil tusken in hecht team en in klup losse spesjalisten; wy binne in kantoar, dat de rezjy hâldt en boppe de matearje útstiigt.

Wy ûnderskiede ús troch passy en belutsenheid. Dêrtroch kreëarje wy in mearwearde foar jo. De advokaten fan Rotshuizen Geense Advocaten hawwe harren woartels yn sosjaal belutsen saken. y sette ús dêrom net allinnich yn foar kliïnten yn de sektoren bou en fêst goed, oerheid en ûnderwiis, soarch en wolwêzen en kultuer en natuer, mar ek foar partikulieren. De boarger mei de lytse beurs is by ús ek wolkom.

Bou en fêst goed Oerheid en ûnderwiis Soarch en wolwêzen Kultuer en natuer ûndernimme Fallisseminten IT-recht Wurk Mediation Erfrjocht Ynternasjonaal

Advokaten en juristen

Wim Bulthuis

Advokaat

Ivo van der Meer

Advokaat

Cynthia Grondsma

Advokaat

Dirk-Jan Westra

Advokaat

José Kemper

Advokaat

Willemijn Kuper

Advokaat

Lisa Blankestijn

Advokaat

Ayla Bosma

Advokaat

Femke de Jong

Advokaat

Aimée Tjalma

Advokaat

Gido Kalfsbeek

Juridysk meiwurker

Alle advokaten en juristen

Dizze webside brûkt cookies Ok