De kosten

Jo meie net ferrast wurde. Dêrom wurdt yn it earste kontakt ynsjoch jûn yn de kosten dêr’t jo yn jo saak rekken mei hâlde moatte. Utgongspunt dêrby is dat wy heechweardige tsjinsten ferliene foar in passende priis.

Oertariven

Wy kenne ferskate wizen fan deklarearjen. Ien dêrfan is dy op basis van it oantal brûkte oeren troch middel fan in oertaryf. By de fêststelling fan in oertaryf wurdt rekken holden mei de ûnderfining fan de behanneljend advokaat en de kompleksiteit fan de saak. De oertariven fariearje fan € 160,- oant € 300,- eksklusyf BTW, útskotten en trendmjittige ferhegings.

Alternative priisôfspraak

As jo dat wolle, kinne der ek oare ôfspraken makke wurde. Sa lient bepaald wurk him ek om mei fêste prizen te wurkjen. Dat jout jo foarôf mear wissichheid oer de te ferwachtsjen kosten. Dat kin foar in bepaalde saak of foar mear weromkearende ferlykbere saken. Dus ien ôfspraak foar meardere saken. De mate fan wissichheid dy’t jo winskje en it soarte fan saak bepale úteinlik de krekte ôfspraken dy’t makke wurde.

Rjochtsbystânsabonnemint

Hat jo bedriuw of ynstelling struktureel ferlet fan juridyske stipe, dan kinne jo by ús in rjochtsbystânsabonnemint ôfslute. In rjochtsbystânsabonnemint hâldt yn dat jo foar in fêst bedrach yn it jier in ûnbeheind tal kearen in berop op ús dwaan kinne foar advys. Wy wolle de tagonklikens befoarderje. It idee dêrby is dat jo op tiid jo fraach oan ús stelle kinne, om fierdere eskalaasje of aaklichheden foar te kommen. It abonnemint hat in previntive wurking.

Kantoarkosten

Kantoarkosten: dy kenne wy net.

Bou en fêst goed Oerheid en ûnderwiis Soarch en wolwêzen Kultuer en natuer ûndernimme Fallisseminten IT-recht Wurk Mediation Erfrjocht Ynternasjonaal

Advokaten en juristen

Wim Bulthuis

Advokaat

Ivo van der Meer

Advokaat

Cynthia Grondsma

Advokaat

Dirk-Jan Westra

Advokaat

José Kemper

Advokaat

Willemijn Kuper

Advokaat

Lisa Blankestijn

Advokaat

Ayla Bosma

Advokaat

Femke de Jong

Advokaat

Aimée Tjalma

Advokaat

Gido Kalfsbeek

Juridysk meiwurker

Alle advokaten en juristen

Dizze webside brûkt cookies Ok