Ynternasjonale praktyk
As jo ynternasjonaal saken dogge, sille jo te krijen hawwe mei oare regels en gewoanten. In goed kontrakt is dêrom fan grut belang. Foar jo moat it ek dúdlik wêze mei wa’t jo no eins te krijen hawwe. Dat is net altyd like maklik fêst te stellen. Betrouwen yn jo kontraktpartij is needsaaklik mar wissichheid oangeande de identiteit fan jo kontraktspersoan is dat ek.
Rotshuizen Geense Advocaten hat ynternasjonale kontakten. Rotshuizen Geense Advocaten is al jierren lid fan World Link for Law. Wim Bulthuis is sekretaris fan World Link for Law en kent tsientallen advokaten oer de hiele wrâld. Jo kinne mei dy advokaten yn kontakt brocht wurde. Advokaten dêr’t jo fan witte dat se foldogge oan de strange easken dy’t World Link for Law stelle oan it lidmaatskip.
Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei Wim Bulthuis.