Erfrjocht

Erfrjocht regelet de erfopfolching nei it ferstjerren. Nei it ferstjerren is der de neilittenskip dy’t bestiet út besittings en skulden. It erfrjocht regelet hoe’t dy oer de neibesteanden ferdield wurde moat. De wet regelet wa’t oanspraak meitsje kin op in neilittenskip. De ferstoarne kin lykwols ek in testamint opsteld litten hawwe, dêr’t yn fêstlein wurdt wa’t oanspraak meitsje kin op de neilittenskip. Dêrneist kin in ferstoarne besletten hawwe om in legaat nei te litten oan ien of beskate erfgenamten of in (ideële) organisaasje.

Yn in soad gefallen leveret de ferdieling fan de neilittenskip gjin swierrichheden op. It komt lykwols foar dat der wol diskusje ûntstiet oer de ferdieling van de neilittenskip. Dan is kennis fan it erfrjocht fan grut belang.

De advokaten fan Rotshuizen Geense Advocaten kenne it erfrjocht. Sy kinne neibesteanden advisearje oer in krekte wize fan ferdieling fan de neilittenskip en de rjochten fan harren sels of oaren, dy’t miene oanspraak meitsje te kinnen op de neilittenskip. Spesjalistyske kennis is dan needsaaklik. Dêrby wurdt net allinnich rjocht dien oan de juridyske posysje fan de neibesteanden, mar wurdt ek rekken holden mei de gefoelichheden dy’t de ferdieling fan de neilittenskip mei har mei bringe kin. 

Tema's

Bou en fêst goed Oerheid en ûnderwiis Soarch en wolwêzen Kultuer en natuer ûndernimme Fallisseminten IT-recht Wurk Mediation Erfrjocht Ynternasjonaal
Dizze webside brûkt cookies Ok