mr. Tine Liefke Wiersma
Advokaat by Rotshuizen Geense Advocaten
Ekspertise
Tine Liefke hâldt har, njonken de algemiene sivile rjochtspraktyk, benammen dwaande mei it persoanen- en famyljerjocht. It terrein fan it persoanen- en famyljerjocht is breed. Jo kinne hjirby bygelyks tinke oan echtskiedingen, alimentaasjeregelingen of gesach en omgong. Ek namswizigings, boedelferdielings, ûndertafersjochstellings en úthûspleatsings falle dêr ûnder.
As advokaat persoanen- en famyljerjocht is it fan belang om in saak net inkeld en allinnich fan in juridysk perspektyf út benei te kommen. Der is geregeld sprake fan in yngripend barren, dêr’t de nedige emoasjes by komme te sjen. Tine Liefke wit hoe’t se hjir op in professionele en fertrouwelike wize mei omgean moat. Sy hâldt ek rekken mei de gefolgen fan de eventueel te nimmen beslissings. Har doelstelling is dan ek om der yn goed ûnderling oerlis mei de oare partij út te kommen, sadat de ûnderlinge ferhâldings net (fierder) ûnder druk komme te stean. Fansels ferliest Tine Liefke dêrby net it belang fan har kliïnt út it each.
Tine Liefke hat hjirfoar wurke by de Rechtbank Noord-Nederland en it Functioneel Parket (ûnderdiel fan it Iepenbier Ministearje). By de rjochtbank wurke sy ek op it mêd fan persoanen- en famyljerjocht. De affiniteit en nijsgjirrigens foar dat rjochtsgebiet is dêr dan ek ûntstien. Troch har eardere wurkûnderfining en it dêrnjonken súksesfol ôfrûnjen fan de Togamaster, hat Tine Liefke relevante kennis en feardigens opdien, dy’t sy yn har deistige praktyk brûkt. Tine Liefke is assertyf en stiet klear foar har kliïnt.
Opliedings
- Togamaster Nederlands Recht oan de Rijksuniversiteit Groningen mei as spesjalisaasje privaatrjocht
- Beëdige as advokaat yn 2019