Wet maatschappelijke ondersteuning 2015 (Wmo)

Mei yngong fan 1 jannewaris 2015 jildt de Wmo.

De Wmo hat in yngripende wiziging brocht yn de herfoarming fan it Nederlânske  soarchstelsel tagelyk mei de ynfiering van de Wet langdurige zorg (Wlz).

Gemeenten binne mei de ynfiering fan de Wmo 2015 ferantwurdlik foar it ûnderstypjen fan de selsredsumens en partisipaasje fan minsken mei in beheining, groanysk psychysk of psychososjale problemen: dy stipe moat derop rjochte wêze dat minsken sa lang mooglik yn de eigen leefomjouwing bliuwe kinne. Foar minsken mei psychyske of psychososjale problemen of foar minsken dy’t, al of net yn ferbân mei risiko’s foar harren feilichheid as gefolch fan húslik geweld, de thússituaasje ferlitten hawwe, foarsjogge gemeenten yn it ferlet fan beskerme wenjen en opfang. It is de bedoeling dat minsken stipe en soarch oanbean krije dy’t oanslút op harren persoanlike omstannichheden en libbensfase. De Wmo 2015 foarsjocht yn wichtige garânsjes foar it útfieren foar in goed ûndersyk nei it stipeferlet fan minsken. Fan gemeenten wurdt ferwachte dat sy dat ûndersyk útfiere yn goede gearspraak mei minsken om wa’t it giet en dat sy mei de belutsenen komme ta in sa goed as mooglik ôfstimde tsjinstferliening.

Mei harren kennis fan bestjoersrjocht, de Wmo 2015 én de soarch yn it algemien, kinne de spesjalisten fan Rotshuizen Geense Advocaten gemeenten en soarchynstellings advisearje by de útfiering van de Wmo 2015. Wa hat it foech om it ûndersyk yn de Wmo út te fieren? Wêr moat it ûndersyk op rjochte wêze? Hoe sit it mei de privacy fan boargers yn dat ramt? Hokfoar rol spilet it (medysk) beropsgeheim? Hoe ferhâldt de Wmo 2015 him ta it klachtenrjocht as bedoeld yn de Wkkgz, dy’t op 1 jannewaris 2016 fan krêft is?

Foar antwurden op dy fragen en oare Wmo relatearre fragen en/of prosedures kinne jo by ús kantoar terjochte. 

Advokaten Wet maatschappelijke ondersteuni

Sektoren

Advokaten Wet maatschappelijke ondersteuni

Cynthia Grondsma

Advokaat

José Kemper

Advokaat

Lisa Blankestijn

Advokaat

Alle advokaten en juristen

Bou en fêst goed Oerheid en ûnderwiis Soarch en wolwêzen Kultuer en natuer ûndernimme Fallisseminten IT-recht Wurk Mediation Erfrjocht Ynternasjonaal
Dizze webside brûkt cookies Ok