Bouwe
Yn it siviele bourjocht hawwe him yn it ôfrûne desennium de nedige wizigings foardien. Hieltyd faker komt it foar dat opdrachtjouwers fan oannimmers ferlange dat sy ûntwerpferantwurdlikens nimme. Dêrfoar binne nije kontraktfoarmen ûntwikkele. De ferantwurdlikens foar in goed resultaat is dêrmei opskood rjochting de oannimmer. Sawol de opdrachtjouwer as de oannimmer kinne dêrmei harren foardiel dwaan. De oannimmer kin no folle mear gebrûk meitsje fan syn opdiene ûnderfining. Dat út him bygelyks yn duorsume oplossings.
De bourjochtadvokaten fan Rotshuizen Geense Advocaten kenne net allinnich de klassike oannimmingsoerienkomst, mar ek de nije oerienkomsten. Sy hawwe kennis fan it hiele trajekt dat in bouproses trochrint; fan ûntwerp troch architekt en konstrukteur, fan útfiering en tafersjoch op de bou oft it no giet om de boukundich oannimmer, in ûnderoannimmer, de ynstallateur of taleveransier. Hoe om te gean mei fertraging, mearwurk of de oplevering? De advokaten fan Rotshuizen Geense Advocaten helpe jo op wei.