Publyk private gearwurking

Publyk private gearwurking (Ned.: PPS) is in gearwurkingsfoarm tusken in oerheid en ien of meardere private ûndernimmings. In PPS-konstruksje karakterisearret har troch in oerheid dy’t stappen tebek set. Fan de private ûndernimmings wurdt ferwachte dat sy mei ynnovative oplossings komme.

Geregeld komt it foar dat de private ûndernimmings foar jierren ôfspraken mei de oerheid meitsje en dêrby risikofol partisipearje. De merkpartijen stean dan bygelyks yn foar jierrenlang ûnderhâld of sels de eksploitaasje dêr’t de oerheid eartiids it risiko rûn. Noch mear as op hokfoar oar rjochtsgebiet dan ek is in goede oerienkomst dy’t it foar jo mooglik makket om it ûndernimmersrisiko yn ‘e macht te hawwen in must.

Foar oerheden is it likegoed fan grut belang dat in goede oerienkomst de grûnslach is fan de ôfspraken dy’t makke binne. De oerheid wol net konfrontearre wurde mei it ferlizzen fan dyselde risiko’s nei har.

De advokaten fan Rotshuizen Geense Advocaten kinne jo bystean yn it opstellen en it útlizzen fan in PPS-konstruksje. Wy kenne boppedat it politike spylfjild dêr’t de belangenôfwagings makke wurde moatte. 

Advokaten publyk private gearwurking

Sektor

Advokaten publyk private gearwurking

Wim Bulthuis

Advokaat

Dirk-Jan Westra

Advokaat

Ayla Bosma

Advokaat

Alle advokaten en juristen

Bou en fêst goed Oerheid en ûnderwiis Soarch en wolwêzen Kultuer en natuer ûndernimme Fallisseminten IT-recht Wurk Mediation Erfrjocht Ynternasjonaal
Dizze webside brûkt cookies Ok