Fiskaal rjocht

Rotshuizen Geense hat in gearwurkingsferbân mei de fiskaal advokaten fan PlasBossinade advocaten en notarissen yn Grins. Sy binne oanwêzich op it kantoar fan Rotshuizen Geense en kinne jo bystean by fiskale fraachstikken dêr’t jo mei konfrontearre wurde.

De fiskaal advokaten hâlde harren dwaande mei it folgjende wurk:

  • oerlis en prosedearje oer ferskuldigens fan belestingen;
  • oerlis en prosedearje oer it ynfoarderjen fan belestingen;
  • oare saken mei in fiskaal belang.

De ûnderdielen wurde hjirûnder taljochte.


Prosedueres tsjin Belastingdienst of (legere) oerheden

De fiskaal advokaten biede een kreative en oplossingsrjochte oanpak fan jo saak. Is oerlis of gearwurking mei de Belastingdienst om wat foar reden net (mear) mooglik, dan biedt in proseduere mooglik in oplossing. De fiskalisten hawwe drege kennis fan it materiële en formele belestingrjocht en romme prosesûnderfining yn (ynternasjonale) fiskale prosedueres. As it nedich is, wurdt prosedearre oant en mei de Hege Rie ta.

It wurk fan de fiskalisten bestean ûnder mear út:

  • it begelieden fan boekenûndersiken/kontrôles;
  • it fieren fan beswier- (heger) berop- of kassaasjeprosedueres tsjin ynformaasjebeskikkings, belestingoanslaggen en/of boetes;
  • ynkearprosedueres;
  • fiskale strafsaken.

Prosedueres tsjin de ûntfanger fan de Belastingdienst


De ûntfanger is ferantwurdlik foar de ynfoardering fan belesting en kin dêrnjonken oergean ta oanspraaklikstelling fan in oar as de belestingplichtige. De ûntfanger hat dêrby sawol de ynstruminten út de Invorderingswet as it foech yn it sivile rjocht ta syn beskikking. De fiskalisten fan PlasBossinade hawwe kennis fan beide rjochtsgebieten en kinne jo bystean yn alle diskusjes mei de ûntfanger. Jo kinne dêrby tinke oan:

  • begelieding by fersiken om útstel fan betelling of skinking;
  • diskusjes by (dwang)ynfoardering;
  • oanspraaklikstelling (lykas bestjoerders-, ynlieners- en ketenoanspraaklikheid) troch de ûntfanger.

Oare saken mei in fiskaal belang


It fiskale rjocht kin in doalhôf wêze. In beropsflater is dêrom gau makke troch in adviseur. Dat kin fiergeande gefolgen hawwe. Us fiskalisten hawwe romme ûnderfining mei fiskale oanspraaklikheidssaken sawol foar as tsjin de adviseur.

Dêrnjonken wurkje ús fiskalisten gear mei oare professionals op ferskate rjochtsgebieten en advisearje sy yn fiskale sin ûnder mear by it herstrukturearjen fan ûndernimmings, bedriuwsoernames, fúzjes, joint ventures, fêst goedprojekten, finansierings en echtskiedings.

Tema

Bou en fêst goed Oerheid en ûnderwiis Soarch en wolwêzen Kultuer en natuer ûndernimme Fallisseminten IT-recht Wurk Mediation Erfrjocht Ynternasjonaal
Dizze webside brûkt cookies Ok