Finansjeel rjocht

Finansjeel rjocht is it rjochtsgebiet oangeande finansjele produkten. Yn ‘e regel sil de klacht  fan de partikuliere kliïnt deryn lizze dat finansjele produkten ôfnommen binne, dy’t net dogge wat him beloofd is. De belofte fan rendemint bliuwt út of it produkt doogde fan it begjin ôf al net.

Sa is der ek de klassike situaasje dat in bank tastien hat dat de partikulier him, mear as ferantwurde wie, yn ‘e skulden stutsen hat. In wichtich wapen fan de partikulier is de bysûndere soarchplicht dy’t rêst op finansjele tjinstferlieners. Fanwegen de semi-publike funksje fan bankêre ynstellings en oare finansjele ynstellings, hâldt de finansjele tsjinstferliener it each op ûnfoldwaande ynsicht en ympulsive beslissings fan de partikulier. De finansjele tsjinstferliener moat de partikulier tsjin himsels beskermje.


It rjochtsgebiet is bysûnder, ek omdat it Klachteninstituut Financiële Dienstverlening (Kifid) foar de partikulier in leechdrompelige yngong is om it rjocht te heljen. Fierders hannelje de advokaten fan Rotshuizen Geense Advocaten net allinnich foar de partikulier mar ek foar finansjele tsjinstferlieners, oangeande ûnder mear de prospektusplicht en sanksjes fan tasichthâlders as De Nederlandse Bank of de Autoriteit Financiële Markten. 

Tema

Bou en fêst goed Oerheid en ûnderwiis Soarch en wolwêzen Kultuer en natuer ûndernimme Fallisseminten IT-recht Wurk Mediation Erfrjocht Ynternasjonaal
Dizze webside brûkt cookies Ok