mr. Ivo van der Meer

Ivo van der Meer

Advokaat by Rotshuizen Geense Advocaten

Ekspertise

Ivo van der Meer is spesjalisearre yn it bestjoersrjocht. In protte oerheden yn Fryslân kin hy ta syn klantekring rekkenje. Nei in lytse fjouwer jier as amtner wurke te hawwen by twa Fryske gemeenten, hat hy de oerstap makke nei de advokatuer. It iepenbier bestjoer en it dêrby hearrende politike krachtenfjild fynt Ivo in útdagende omjouwing om yn te wurkjen. Syn niget oan it publike debat en politike ynfloed op besluten fan de oerheid jouwe him en dêrmei syn kliïnten in foarsprong.

Ivo hat bysûnder niget oan it ûnderwiis. Foar in protte ûnderwiisynstellings is hy de trusted advisor. Goed ûnderwiis is needsaaklik foar maatskiplike groei en persoanlik súkses. It ûnderwiis hat te krijen mei in tanimmende juridisearing. Ivo siket dêrom, mei ynset fan juridyske wapens, nei praktyske oplossings.

De wurkwize fan Ivo ûnderskiedt him troch it sekuer bepalen fan it doel fan syn kliïnt. Om dat doel te berikken kin it needsaaklik wêze in juridyske proseduere te starten. In kreative en praktyske oanpak hat dêrby syn foarkar.

Opliedings

  • HEAO, management, ekonomy en rjocht oan de NHL yn Ljouwert
  • Nederlânsk rjocht oan de Katholieke Universiteit Nijmegen
  • Beëdige as advokaat yn 2003

Nevenfunksjes/lidmaatskippen

  • Bestjoerslid Stichting Gezonde Stad, organisator fan Loop Leeuwarden
  • Vereniging voor Milieurecht
  • Vereniging voor Bestuursrecht
  • Sakeklup S.C. Cambuur
  • Commerciële Club Leeuwarden

Advokaten en juristen

Wim Bulthuis

Advokaat

Ivo van der Meer

Advokaat

Cynthia Grondsma

Advokaat

Dirk-Jan Westra

Advokaat

José Kemper

Advokaat

Willemijn Kuper

Advokaat

Lisa Blankestijn

Advokaat

Ayla Bosma

Advokaat

Femke de Jong

Advokaat

Aimée Tjalma

Advokaat

Gido Kalfsbeek

Juridysk meiwurker

Alle advokaten en juristen

Dizze webside brûkt cookies Ok