Famyljerjocht
In grut part fan de houliken einigje yn in skieding. Fan de minsken dy’t foar langere tiid húzje beëiniget in noch grutter persintaazje de relaasje. Dêr kinne jin in protte juridyske komplikaasjes foardwaan. Hoe om te gean mei minderjierrige bern, hoe om te gean mei de ferdieling fan de mienskiplike boel of opboude pensjoenrjochten? Kinne hja oanspraak meitsje op alimentaasje?
De advokaten fan Rotshuizen Geense Advocaten binne spesjalisearre yn it famyljerjocht. Sy binne by steat om de beëiniging fan de relaasje, dat al dreech genôch is, sa noflik mooglik ferrinne te litten. Somtiden wurdt der hannele foar ien partner, somtiden foar beide partners.